Zwembad De Klomp
vrijdag 28 augustus 2026
19:00 - 00:00 uur
Op freed 28 augustus organisearret Zwembad De Klomp De Grutte Klomp Kriich! In gesellige jûn fol striid, útdaging en wille, op it lân en yn it wetter! Striid mei om de Klompbokaal én help tagelyk mei oan de realisaasje fan de nije gebouwen fan Zwembad De Klomp.
Foarmje in ploech fan 6 persoanen fan dyn bedriuw, feriening of freonegroep, betink in teamnamme en meld jim oan foar de earste edysje fan De Grutte Klompkriich!
Minimum leeftyd is 16 jier en dielname is op eigen risiko.
De Grutte KlompKriich:
- Freed 28 augustus 2026
- 00 oere (ynrin fanôf 18.30 oere)
- Zwembad De Klomp, Wommels
Ynskriuwe kin fan 1 augustus ôf via www.zwembaddeklomp.nl. Mear ynfo oer ynskriuwkosten ens. folget. Hâld ús sosjale media, webside en de Klomp-app yn de gaten foar updates.

Deelname aan deze activiteit is op eigen risico.